Jeroen Advocaat wurket oan iisskulptueren foar festival

07 des 2016 - 14:01

Jeroen Advocaat fan De Gordyk makket iisskulptueren foar it iisskulptuerefestival yn Amsterdam. Yn twa wiken tiid ûntstiet dêr in groep fan bylden. Hy hat fjouwer laachjes klean oan, want it is min 10 graden.

Dit jier is it tema muzyk, de besiker makket in reis troch de tiid. Jeroen hat al in jukebox fan fjouwer meter heech makke. "Ik ben nu bezig met een hemelpoort die achter beelden komt van Prince en David Bowie. Het mooie aan werken met ijs is dat je in relatief korte tijd een beeld kunt maken. Bij steen duurt dat veel langer."

Hy wurket mei kettingseage en frees en beitels. "Maar je leert ook van elkaar, het is een hechte groep met internationale deelnemers." Hy docht ek altyd mei oan it sânskulptuerefestival yn Snits. Hy hat dêr twa kear in earste priis wûn.

It festival is op de Arena bûlevaar en goed 3.000 kante meter mei mear as 100 iisskulptueren. It wurdt 10 desimber iepene en duorret oant 5 febrewaris.

Trefwurden: 
iisskulptuer
(advertinsje)
(advertinsje)