Rykswettersteat nimt mear maatregels by Jouster rotonde

07 des 2016 - 12:27

Rykswettersteat nimt oanfoljende maatregels by de rotonde by De Jouwer. Dy maatregels moatte bestjoerders der noch mear op wize dat de rotonde der oan komt en dat se minder hurd ride moatte. Rykswettersteat hie earder al maatregels naam nei oanlieding fan meardere deadlike ûngelokken op de A7, lykas ribbels op de dyk.

De attinsjewearde wurdt ferhege troch buorden noch mear opfalle te litten sadat bestjoerders witte dat se op in rotonde oan ride. Ek wurdt de flechtstreek fisueel smeller makke sadat minsken minder hurde begjinne te riden.

Ek is ûndersyk dien nei it ferkearsgedrach fan bestjoerders. It docht bliken dat noch hieltyd in soad bestjoerders mei mobyltsjes yn de hân achter it stjoer sitte.

Boargemaster Fred Veenstra fan de gemeente De Fryske Marren is tefreden oer de aksjes fan Rykswettersteat. "It komt no oan op it gedrach fan de bestjoerders. Dy moatte de holle derby hâlde en twa hannen oan it stjoer." Ek sil de plysje faker kontrolearje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)