Marit Bouwmeester fersteviget har kopposysje

Marit Bouwmeester © Richard Langdon
Sylster Marit Bouwmeester hat op de twadde dei fan de wrâldbekerfinale yn Australië har resultaten fan de earste dei werhelle. Yn har Laser Radial waard de Wartenster opnij in kear earste en in kear twadde.
De Deense Anne-Marie Rondom waard fjirde en fiifde en stiet no op trije punten fan de klassemintsliedster. De wedstriden op it wetter by Melbourne duorje noch oan en mei snein.