Steateleden yn Brussel: lobby en gearwurking

07 des 2016 - 11:03
  • Steatelid Marieke Vellinga fan D66
  • Retze van der Honing fan GrienLinks
  • Steatelid Wim Eilering fan it CDA
  • Tjisse Stelpstra, deputearre yn Drinte
  • Bart van Dekken, steatelid yn Drinte

De Europeeske pot mei jild foar maritime projekten dêr't de provinsje Fryslân jild úthelje wol foar de oanlis fan de brede slûs by Koarnwertersân is al fierhinne leech. Dat waard tiisdei dúdlik op de earste dei fan de wurkbesite fan Provinsjale Steaten fan Fryslân en Drinte oan Brussel. Op de earste dei wienen ynliedingen oer saken as sirkulêre ekonomy, enerzjy, lânbou en transport.

De dei waard ôfsletten mei in diner yn it Brusselske natuermuseum njonken it Europeesk parlemint.

De steateleden geane woansdei op besite by it Europeesk Parlemint. De Fryske steateleden wurde dêr rûnlaat troch Europarlemintariër Annie Schreijer-Pierik fan it CDA. Oanslutend sille de steateleden lunsje mei Europarlemintariërs fan de eigen politike partij.

Lobby

Nei de earste dei fan de wurkbesite krige steatelid Marieke Vellinga (D66) de yndruk dat de lobby noch wol wat fersterking brûke kin. Se fynt dat Provinsjale Steaten serieus oerwaagje moat om in eigen permaninte lobbyist te beneamen yn Brussel, lykas de parleminten fan guon Dútske dielsteaten dat ek hawwe. Dy lobbyist soe dan oanstjoerd wurde moatte troch de wurkgroep Europa fan de steaten - dêr't Vellinga sels fise-foarsitter fan is - mar fierder wol goed gearwurkje moatte mei de lobbyiste dy't yn SNN-ferbân lobbyt foar Fryslân, Grinslân en Drinte.

Skrokken

Retze van der Honing (Grien Links) hearde tiisdei yn Brussel dat Nederlân by de lidsteaten mei de minste wetterkwaliteit heart en is dêr dochs wol fan skrokken. Hy sjocht der nei út om yn petear te gean mei syn partijgenoaten Bas Eickhout en Judith Sargentini yn it Europeesk Parlemint, want dy hat er noch noait earder troffen. Hy wol mei har prate oer lânbou en it nije lânboubelied, want dat moat yn Fryslân in stik duorsumer mei mear omtinken foar wetterkwaliteit en biodiversiteit.

Soargen

Steatelid Wim Eilering (CDA) makket him dochs wol wat soargen oer de brede slûs by Koarnwertersân, omdat de TenT-transportpot dêr't dit jild útkomme moat al fierhinne leech is. Boppedat is it measte jild reservearre foar projekten yn de haad-transportkorridors, en dêr hearre Fryslân en Koarnwertersân net echt by.

Gearwurking

Yn de Drintse delegaasje sitte in opfallend soad politisy mei Fryske roots of in Fryske achtergrûn. Dat jildt bygelyks foar deputearre Tjisse Stelpstra, dy't fynt dat Wim Eilering better syn bêst dwaan moat om Frysk te learen. Stelpstra is Europa-deputearre en ûnder oare dwaande mei in enerzjyprojekt oan de grins mei Dútslân. Ek steatelid Bart van Dekken is sa Frysk as it mar kin. Van Dekken is hiel wiis mei de noardlike gearwurking. Drinte is sels echt te lyts om Europeeske projekten fan 'e grûn te krijen; yn gearwurking mei Fryslân en Grinslân giet soks folle better. Dat betsjut net dat Van Dekken fynt dat de provinsjes wol fusearje kinne, want dat fynt er gjin goed idee. Sjoch ek ús Europablog foar mear ynformaasje oer de wurkbesite oan Brussel. 

Trefwurden: 
Brussel steateleden
(advertinsje)