Stressbestriding oan it Waad

07 des 2016 - 11:01

Natuerbehearder Steatsboskbehear wol oan teambuilding en stressbestriding dwaan yn de kwelders by Holwert, kompleet mei in app dy't mjit of de stress al wat ôfnimt. De gemeente Dongeradiel hat hjirfoar tiisdei grien ljocht jûn en dêrnei waard dit inisjatyf mei de namme 'Hart voor het Wad' neamd by in ynformaasjegearkomste fan Holwert oan See.

It idee komt fan boskwachter Henk-Jan van der Veen neidat er fanút Holwert oan See oanjûn waard dat der ferlet is fan saneamde Welness konsepten.

Ien en oar moat noch útwurke wurde, mar it is de bedoeling om soks fan 't maitiid út te probearjen sûnder dat fûgels der lêst fan ha.

(Advertinsje)
(Advertinsje)