Meiwurkers bad De Kûpe ferstuivere oer oanbliuwen bestjoer

07 des 2016 - 10:02

Meiwurkers fan swimbad De Kûpe yn Bûtenpost binne ferstuivere oer it oanbliuwen fan it bestjoer fan it swimbad. Se bliuwe fan miening dat Lammert Baas en Jack Hoving opstappe moatte. De meiwurkers binne bot skrokken dat manager Dietha Pauw per direkt nei hûs stjoerd is, nei't se op de radio by Omrop Fryslân útlis jûn hie oer de bestjoerskrisis binnen it swimbad. Der bestiet in grut ferskil fan ynsjoch oer de te folgjen koers fan it swimbad.

It businessplan dat Baas en Hoving mei tydlik-manager Piter Bakker makke ha, is troch de gemeente ôfkard. It personiel hat dêrom gjin inkeld fertrouwen mear yn it bestjoer. Se beriede har op fierdere stappen.

(advertinsje)
(advertinsje)