Marrit Steenbergen pakt brûns mei Nederlân op WK

07 des 2016 - 07:30
Marrit Steenbergen yn aksje - Foto: ANP

Marrit Steenbergen hat mei de Nederlânske frouljusploech op it WK koartebaan swimmen in brûnzen medalje helle op de 4x100 meter frije slach. Yn Windsor yn Kanada like Nederlân krekt njonken it poadium te einigjen mei in fjirde plak. It waard brûns omdat thúslân Kanada diskwalifisearre waard. Maud van der Meer, Maaike de Waard en Ranomi Kromowidjojo wiene de ploechmaten fan Steenbergen. It goud wie foar Amearika, Italië pakte it sulver.

Earder op 'e dei waard Steenbergen yn de searjes útskeakele op de 200 meter frije slach.

Trefwurden: 
Marrit Steenbergen swimmen WK
(Advertinsje)
(Advertinsje)