Aukje de Vries: "VVD net mei PVV yn nij kabinet"

07 des 2016 - 06:23

VVD-Twadde Keamerlid Aukje de Vries slút in kabinet mei dêryn har partij en de PVV út, as Geert Wilders syn 'minder-minder-minder'-útspraak oer Marokkanen net weromnimt. Dat sei se tiisdeitejûn yn it Polytburo by Omrop Fryslân TV. De Vries is de heechste Fryske kandidaat op de VVD-list foar de keamerferkiezings foar takom jier.

De Vries wie te gast om werom te sjen op har fjouwer jier yn Den Haach. Woansdei wurdt de kandidatelist fan de VVD definityf presintearre. Op de konseptlist stiet De Vries op in ferkiesber 18e plak. Yn 2012 wie dat noch it 45e plak. Aukje de Vries wurdt beleanne foar har goede wurk, tinkt se.

Dat PVV-er Wilders syn útspraak oer Marokkanen weromnimt, liket net foar de hân te lizzen. Koartlyn stie er dêrfoar noch foar de rjochter.

Trefwurden: 
Aukje de Vries VVD
(advertinsje)
(advertinsje)