Seis skoallen nominearre foar provinsjale ûnderwiispriis

06 des 2016 - 22:05
(stockfoto) - Foto: Omrop Fryslân

De provinsje Fryslân hat de nammen bekend makke fan seis skoallen dy't kâns meitsje op de twajierlikse provinsjale ûnderwiispriis. Foar it basisûnderwiis binne dat De Wiekslag yn Drachten, De Bolder yn Frjentsjer en De Opslach yn Wommels, en foar it middelber ûnderwiis: it Beyers Naudégymnasium yn Ljouwert, it Piter Jelles yn Ljouwert en de Piet Bakkerschool yn Snits.

Deputearre Sietske Poepje rikt op 20 jannewaris 2017 de priis út yn it Provinsjehûs yn Ljouwert.

De sjuery bestiet út Jan Dijksma, direkteur Marketing & Communicatie Friesland College en âld-ûnderwiissjoernalist, Steatelid Marja van der Meer en Maarten Pennewaard, ûnderwiisredakteur by de Ljouwerter Krante.

De provinsjale winners gean automatysk troch foar de Nasjonale Underwiispriis. De finale dêrfan is op 29 maart 2017.

(Advertinsje)
(Advertinsje)