Foto dûns âlderen mei Parkinson bekroand mei priis

06 des 2016 - 21:19

In foto fan in foarstelling fan goreografe Marlien Seinstra út Ljouwert hat de fotografypriis wûn fan de lanlike wedstriid Kracht uit Kunst. Seinstra liet yn it projekt Dans, Huil, Bid, Lach, Werk en Bewonder minsken mei de sykte fan Parkinson dûnsje mei minsken dy't dy sykte net hawwe. Dêrmei wol se de selsstannigens fan minsken mei Parkinson fergrutsje.

Der wiene 54 ynstjoerings. Ald-politika Hedy d'Ancona en akteur Teun Luijkx mochten harren favoryt útsykje. Foar d'Ancona wie dat de foto fan de dûnsfoarstelling.

Kracht uit kunst wol keunst-en-kultuer-projekten stimulearje dy't bydrage oan de ûntploaiïng, de partisipaasje en de sûnens fan âlderein.

Goed voor de beweging

"Dansen is goed voor mensen die Parkinson hebben, het helpt ze in hun dagelijkse bewegingen. Bij Parkinson hebben mensen moeite om balans te houden en dat train je juist met dansen. Ook het trillen van de handen valt weg bij bewegen op muziek" fertelt Marlien Seinstra. De foarstelling is nei de premjêre yn april al seis kear spile. "Elke keer was het publiek ontroerd en wildenthousiast. Het is mooi om te zien wat mensen met Parkinson nog wel kunnen. Ook de dansers zijn enthousiast. Tijdens het repetitieproces zijn er wel wat tranen gevallen. De mensen vertellen in de voorstelling over hun ziekte en de impact daarvan op hun leven."

Marlien Seinstra jout wykliks op tiisdeitemoarn dûnsles by Keunstwurk yn Ljouwert.

(Advertinsje)
(Advertinsje)