Ferset yn Dokkum tsjin nije 'te steile' brêge oer Súd Ie

In groep minsken út Dokkum ferset him tsjin de plannen foar in oare brêge oer de Súd Ie. De gemeente wol de brêge ferfange troch in hegerenien, dêr'tst net oerhinne fytse kinst. Dêr is er mei 20% te steil foar. De brêge fan no is wol geskikt om oerhinne te fytsen en foar minsken yn in scootmobyl.
De wurkgroep dy't him ynset foar it behâld fan de brêge, freget it gemeentebestjoer oft dat nochris goed sjen wol nei de plannen.