GrienLinks freget aksje fan Schrier mei ôffaloven Harns

06 des 2016 - 17:24
De REC yn Harns - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De steatefraksje fan GrienLinks freget deputearre Michiel Schrier om de miljeufergunning foar de ôffaloven yn Harns oan te passen. Ek wol de partij dat Schrier stranger hanthavenet op de sâltsoernoarm. Omrin, provinsje, saakkundigen en oare belutsenen binne al in skoft dwaande om de oven feiliger te meitsjen, nei oanlieding fan in grutte steuring foarich jier.

Foar GrienLinks giet dit net hurd genôch. Yn septimber en oktober wiene der opnij steuringen foar in grut part feroarsake troch problemen mei de ID-fan.

Foar ien fan dizze steuringen hat Omrin ek in boete krigen. Omrin sil by de folgjende ûnderhâldsstop yn april 2017 in reservefentilator pleatse om problemen yn 'e takomst foar te kommen. GrienLinks ropt de deputearre op om dit per direkt te easkjen, lykas it fuortheljen fan de bypass. It komt noch hieltyd foar dat by de opstart fan de oven de útstjit net oer it doekefilter giet, mar fia in bypass. Dat betsjut dat der ûnfiltere útstjit de piip út komt. Deputearre Schrier liet earder al witte dat der by de ûnderhâldsstop yn april sjoen wurdt nei it fuortheljen fan de bypass.

Trefwurden: 
REC ôffaloven Harns
(Advertinsje)
(Advertinsje)