Bas Hettema wer op de fyts nei Glêzen Hûs

De 10-jierrige Bas Hettema út Drachten sil opnij nei it Glêzen Hûs fan 3FM-Serious Request ta fytse mei syn heit Wopke. Ofrûne jier die er dat ek: doe stie it hûs yn Heerlen en ha de Hettema's 328 kilometer yn trije dagen fytst. Dit jier stiet it hûs yn Breda en fytse Bas en syn heit 245 kilometer yn twa dagen.
Se helje dermei jild op foar KWF Kankerbestriding en foar it goede doel fan Serious Request: bern dy't ûnnedich oan longûntstekking stjerre. Bas hat yn syn famylje in soad te krijen hân mei kanker.
Bas Hettema: ''Ik wil dat er niemand meer sterft aan kanker. Daarom gaat de helft van het opgehaalde geld naar KWF Kankerbestrijding.''
De foarige kear hat Bas sa'n 4000 euro ophelle. "Deze keer wordt dat misschien wat moeilijker, omdat het de tweede keer is. Maar we hopen er natuurlijk toch overheen te gaan. Mensen kunnen ons steunen via https://www.facebook.com/events/928708263897874."
Bas en Wopke sille takom wykein foar it earst traine, mar ha al in aardige kondysje neffens Bas. Se sette 18 desimber om 08:00 oere moarns útein mei harren tocht.