"Ryk moat bydrage leverje oan útbaggerjen Westgat"

06 des 2016 - 16:43
Foto: Google Earth

It ryk moat in bydrage leverje oan it útbaggerjen fan it Westgat by Lauwerseach. In mearderheid fan de Twadde Keamer hat tiisdei in moasje dêroer oannaam. It baggerjen is fan belang omdat foar de beropsfeart hieltyd dreger wurdt om oer de farrûte nei de haven fan Lauwerseach te kommen.

De regio wol it baggerjen sels wol foar syn rekken nimme en it grutste part betelje. Mar de PvdA en de VVD yn de Keamer fine dat it ryk der oan meibetelje moat. In goed tagonklike fargeul is fan belang foar de wurkgelegenheid yn de regio, fine se.

De gemeente De Marne hat tasein de kosten fan it baggerjen te beteljen, as it ryk de kosten fan it mjitresultaten fan it baggerjen betellet. Earder woe minister Schulz gjin jild útlûke foar in proef dy't oantoane moatte soe dat it baggerjen fan it Westgat helber is. Dêrom hat de regio besluten sels jild op it kleed te lizzen.

Yn de Twadde Keamer is no in moasje oannaam dêr't yn pleite wurdt foar in bydrage fan it ryk oan de plannen om it Westgat út te baggerjen. Neffens de fraksjes fan de PvdA en de VVD soe it regear dêroan bydrage moatte, omdat dit wichtich is foar it behâld fan de wurkgelegenheid yn in krimpgebiet.

(advertinsje)
(advertinsje)