Twadde Keamer: 30 miljoen foar slûs Koarnwertersân

06 des 2016 - 16:16
  • Deputearre Kielstra oer ferbreding slûs Koarnwertersân

De Twadde Keamer is tiisdeitemiddei mei algemiene stimmen akkoart gien mei it beskikber stellen fan 30 miljoen euro foar in bredere slûs by Koarnwertersân. Betingst is wol dat de regio - en Fryslân foarop - mei in bettere ûnderbouwing komt fan de bydrage dy't sy leverje wol. Dy ûnderbouwing moat der foar 1 oktober takom jier lizze, oars lûkt de Twadde Keamer de stipe foar de 30 miljoen wer yn.

Troch in bredere slûs kinne werven súdlik fan de Ofslútdyk gruttere skippen bouwe. Dat moat soargje foar mear wurkgelegenheid.

Dat is net allinnich yn it belang fan Fryslân, mar ek yn it belang fan provinsjes as Oerisel, Noard-Hollân en Flevolân, dy't ek allegearre it stribjen nei in nije brede slûs stypje. In part fan de finansjele ûnderbouwing fan it projekt wol deputearre Klaas Kielstra út de Brusselske TenT transport-pot helje. Fryslân set yn op in Europeeske bydrage fan 16 miljoen euro. De keamerbrede moasje ta stipe fan de brede slûs makket de kâns dat dit slagget wer in stik grutter, sa seit Kielstra yn Brussel.

It nijs oer de moasje kaam foar him op in bysûnder geunstich momint: ien oere foardat er oer itselde ûnderwerp in ôfspraak hie mei de Europeeske kommisje oer itselde ûnderwerp. De stipe fan de Twadde Keamer kin Kielstra goed brûke, want sa hiel maklik is it net om Europeeske subsydzje foar sokke projekten te krijen. Mear ynformaasje hjiroer stiet yn ús Europa-blog.

(advertinsje)