Provinsje komt mei nije duorsumheidsprojekten

06 des 2016 - 15:19
Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De provinsje komt takom jier mei in tal nije duorsumheidsprojekten. Mei gemeenten, wenningkorporaasjes en boubedriuwen wurdt in flink tal hierhuzen enerzjysunich makke. Foar partikuliere húseigeners wurdt besjoen oft sij jild liene kinne foar it duorsum meitsjen fan har hûs.

De provinsje besjocht ek mei grutte soarchynstellingen wat dy oan duorsumheid dwaan kinne en krije de dakken fan hûndert bedriuwen sinnepanielen.

Trefwurden: 
duorsum enerzjysunich
(Advertinsje)
(Advertinsje)