Stellen auto útbaarnd weromfûn op Flylân

Utbaarnde auto op Flylân
De plysje fan Flylân docht ûndersyk nei in stellen auto dy't tiisdeitemoarn útbaarnd weromfûn is. De plysje krige in melding fan in ûngelok op de Postwei op it eilân. Doe't se dêr kamen, die bliken dat der in útbaarnde auto yn de greppel njonken de dyk lei. Der wie net ien by.
Omdat der miskien ien ferwûne rekke wie by it ûngelok, hat de plysje oan it sykjen west, ek mei in helikopter. Mar der waard neat fûn. De eigener fan de auto hat ek gjin idee wat der bard is of wa't syn auto meinaam hat.