Rjochter docht oer in wike útspraak oer Lidl Grou

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Twa bewenners fan de Oedsmawei yn Grou binne fanwege de nije Lidl yn it doarp nei de rjochter stapt. Se binne bang dat de nije supermerk oan de krusing fan de Oedsmawei en de J.W. de Visserwei foar lûdsoerlêst en gefaarlike ferkearssituaasjes soargje sil.
Neffens de gemeente Ljouwert is dit it bêste ferkearsplan dat oan alle feilichheidsnoarmen foldocht. De gemeente hat tasein dat de situaasje nei in jier opnij besjoen wurdt. Mochten der problemen wêze, dan wurdt de situaasje oanpast. De rjochter docht oer in wike útspraak.