Beswier tsjin McDonalds troch de rjochter ôfwiisd

06 des 2016 - 13:27
Foto: ANP

It beswier fan projektûntwikkeler Corlijnen BV tsjin de komst fan in McDonald's nei bedriuweterrein De Hemmen yn Snits is troch de rjochter ôfwiisd. De gemeente ferliende de fergunning al yn 2014. Mar neffens de projektûntwikkeler hiene sy as iennige it rjocht om in hoarekagelegenheid op it bedriuweterrein te bouwen. Mar neffens de rjochter is it bedriuw út Emmeloord gjin ''belanghebbende partij.''

McDonald's wol oan de Wolkammerstrjitte in fêstiging delsette. Corlijnen is de ferhierder fan it gebou 300 meter fierderop dêr't boumerk Praxis yn sit. Dêr soene ek plannen wêze om in hoarekagelegenheid te iepenjen.

Trefwurden: 
McDonald's Snits Corlijnen BV
(Advertinsje)
(Advertinsje)