Fergunning fuotbalkoai Westeinde doocht wol

06 des 2016 - 12:51
Fuotbalje yn fuotbalkoai by Greunshiem

De gemeente Ljouwert hat terjochte in fergunning ôfjûn foar in fuotbalkoai op in gersfjild yn de wyk Westeinde. Dat hat de rjochter bepaald. Trije bewenners fan huzen mei útsicht op it fjild wiene nei de rjochter stapt.

Neffens har gie it om in bouwurk en gjin boartersfoarsjenning en soe de fergunning net doge. No't de beswieren ôfwiisd binne, kin de wykferiening de koai pleatse.

(Advertinsje)
(Advertinsje)