Nije tribune fan de TT yn Assen komt út Koatstertille

06 des 2016 - 11:54

It bedriuw Haitsma Beton fan Koatstertille bout in nije tribune foar it TT-stadion yn Assen. Moandei waard bekend dat it motorracestadion foar 8 miljoen euro ferboud wurde sil. Der komt ûnder oaren in nije tribune foar 10.000 man. Yn Koatstertille wurdt al in pear wiken wurke oan de fabrikaazje fan de tribunen. Begjin takom jier moatte se al pleatst wurde. By Haitsma wurkje 87 minsken yn fêste tsjinst. Der sille mear minsken tydlik oan it wurk by it betonbedriuw om de oarders te ferwurkjen.

Ek de lizzers foar de nije fly-over foar it knooppunt De Jouwer wurde makke troch Haitsma Beton.

(Advertinsje)
(Advertinsje)