Reade Krús: "Mear fraach nei foarljochting oarlochsrjocht"

06 des 2016 - 11:51

Der is by skoallen en ferieningen hieltyd mear fraach nei foarljochting oer it humanitêre oarlochsrjocht. Dat seit it Reade Krús Fryslân. De belangstelling hat neffens de helporganisaasje te krijen mei it grutte oantal konflikten yn de wrâld wêrby't boargers belutsen binne.

De belangstelling is sa grut dat it Reade Krús no foarljochters siket. Dy krije earst in kursus fan twa dagen en kinne dan op 'en paad om foarljochting te jaan. Neffens it Reade Krús is de kunde oer it oarlochsrjocht ûnder Nederlanners leech.

Trefwurden: 
oarlochsrjocht Reade Krús
(advertinsje)
(advertinsje)