Hoe, wat, wêr: Krystmerken yn Fryslân

De wiere tsjustere dagen foar krystdagen binne wer oanbrutsen, en ek de kjeld hat ús dit jier goed fûn. Der binne eins gjin bettere omstannichheden te betinken om in gesellige krystmerk op te sykjen. Al jierren is it by ús buorlju oan de eastkant fan Nederlân in tradysje, en de lêste jierren groeit de animo ek yn Fryslân foar de krystmerk. Rûnom yn de provinsje binne feestlik ferljochte kreamkes te finen, mei dêryn alderhande nuveraardichheden.
Wêr komt de krystmerk wei?
De krystmerk sa't wy dy tsjinwurdich kinne komt út Dútslân en giet al in hiel skoft mei. De oarsprong fan de krystmerk leit yn de lette midsiuwen. It Dútske Bautzen yn de dielsteat Saksen seit mei mear as 600 jier de âldste krystmerk fan it lân te hawwen. Op dizze earste krystmerken draaide it benammen om it keapjen fan fleis, dat yn dizze kâlde dagen makliker en langer hâldber wie. Faak gie it ek om better fleis as gewoan. De krystmerken hiene yn de begjintiid ek kommisjes dy't te set moasten oer wat der krekt oanbean wurde mocht. Sy joegen tastimming om njonken it fleis yn desimber ek oare keaplju ta te stean op de merken. Sa koene ferkeapers fan snobbersguod, nuten en boartersguod in plakje fine njonken de slachters. Pas yn de 20ste iuw kinne wy de kontoeren fan ús hjoeddeistige krystmerk wer wat weromfine.
Ite en drinke
Waarme Glühwein heart by in krystmerk lykas pipernuten by Sinteklaas hearre. De krûdige reade wyn wurdt faak oanmakke mei krûdnagel, anys en oare krûden. Wichtich is dat de drank waarm dronken wurdt. In oare populêre drank, dy't by it grutte publyk miskien wat minder bekend is, is de Feuerzangenbowle. Dit is in swiete fruchtebowl mei goed wat alkohol. De namme fan de drank komt fan de tange dy't brûkt wurdt om in kegel sûker boppe it drankje te ferbrânen.
Yn Dútslân binne it dêrnjonken benammen de nuten en brezeln populêr. By nuten moatte je dan net tinken oan apenuten of cashewnuten lykas wy hjirre faak yn de supermerk fine, mar brânde mangel mei in laachje sûker deroerhinne. Ek nuete kastanjes, better bekend as Maroni, binne populêr en oeral te finen.
Fryslân
Dit jier kinne de leafhawwers op 57 ferskate plakken yn de provinsje teplak foar harren krystboadskippen. Yn Ychtenbrêge bygelyks is live muzyk en kinne besikers meidwaan oan alderhande workshops.Yn Appelskea wurdt ynset op boskkuiers by de Boerestreek, en yn Kollum steane âlde ambachten sintraal. De krystmerk yn Beetstersweach is op sân desimber de earste yn Fryslân, de oaren binne benammen yn de wykeinen fan 10 en 17 desimber.
Op 'e Lemmer sette se, krekt lykas yn Bûtenpost en Dokkum, dit jier bot yn op Charles Dickens. De tradysje dy't benammen yn Deventer ferneamd is, wurdt ek yn Fryslân hieltyd grutter. Besikers kinne in spesjale rûte dwers troch it histoaryske sintrum rinne, om dêr op alderhande wizen yn de kunde te kommen mei de sfear fan Charles Dickens. Der wurde ûnder oare muzykkorpsen, koaren en strjitteäter ynset om de besikers te fermeitsjen.
Foar in folslein byld kinne jo ús oersjoch ûnderoan it artikel rieplachtsje.
Fier fuort mar dochs tichteby
Wolle jo it echt tradysjoneel oanpakke moatte jo lykwols de grins oer. Dat hoecht lykwols gjin oeren yn de auto te kostjen, want foar de echte Dútske krystmerk hoege je net hielendal nei Berlyn, Augsburg of Dortmund te riden. Krekt efter Grins binne ferskate stêden dêr't rûn dizze tiid in (lytse mar gesellige) krystmerk organisearre wurdt. De reistiden mei de auto binne berekkene fan Ljouwert ôf. (Let op, at je mei it iepenbier ferfier nei Leer reizgje: troch in oanfarring mei in brêge is de treinferbining tusken Grins en Leer net mear yn gebrûk, der wurde bussen ynset)
- Leer 1:28 oere
- Oldenburg 2 oeren
- Bremen 2:30 oeren
Oersjoch fan alle Fryske Krystmerken
(Draai dyn telefoan of tablet om it hiele oersjoch goed te sjen.)
Datum Plak Fan Oant Lokaasje Extra ynformaasje
7-dec Beetstersweach 14:00 21:00 Yn en om de Hoofdstraat Mei sa'n 100 standhâlders
8-dec Kollumersweach 16:00
Dorpshûs De Trije Doarpen Mei bernekrystdisko en krystbeamhingje
9-dec Aldskoat 16:00 21:00 Skoattertsjerke Mei muzyk fan Chr. Brassband Advendo
9-dec Boalsert 17:00 21:00 Grootzand 17 Gjin pin oanwêzich
9-dec Kollum 13:00 21:00 Voorstraat Mei iisbaan, glühweinbar, âlde ambachten en live muzyk
9-dec Minnertsgea 16:00 21:00 Hearewei 11A By Hoveniersbedrijf Madhuizen
9-dec De Rottefalle 13:00 21:00 Haven 12 Brocante hout, dekoraasjes en blomarranzjeminten
9-dec Ychtenbrêge 16:00 21:00 Hellingpad Mei workshops en live muzyk
10-dec Aldegea (SWF) 13:30 17:00 MFC It Joo
10-dec Appelskea 14:00 22:00 Boerestreek 23 Der wurde ek kuiertochten troch it bosk organisearre
10-dec Balk 10:00 17:00 Sintrum In soad kreamkes
10-dec Boalsert 10:00 17:00 Grootzand 17 Gjin pin oanwêzich
10-dec Bûtenpost 14:00 20:00 Sintrum Yn de styl fan Charles Dickens en in iisbaan
10-dec De Pein 16:30 20:00 Doarpshûs De Wringe Mei live muzyk
10-dec Easterwâlde 14:00 18:00 Rikkingahof
10-dec Harns 15:00 21:00 Zoutsloot
10-dec Himmelum 11:00 18:00 Flinkeboskje 2 Flinke Winter Favorieten
5-dec Ljouwert 14:00 19:00 Wielenpôlle Nei ôfrin fan de wintermerk is der in muzykjûn yn buurthuis de Kobbekooi
10-dec Lollum 15:00 18:00 Doarpshûs De Nije Haven
10-dec Nij Beets 14:00 18:00 t Trefpunt
10-dec Noardburgum 14:00 17:00 Doarpshûs De Balstien
10-dec De Rottefalle 11:00 21:00 Haven 12 Brocante hout, dekoraasjes en blomarranzjeminten
10-dec Starum 17:00
MFC De Kaap
10-dec Winsum 12:00 18:00 Sintrum
11-dec Stiens 12:00 17:00 Winkelsintrum Bilgaard
10-dec Appelskea 12:00 17:00 Boerestreek 23 Der wurde ek kuiertochten troch it bosk organisearre
11-dec Boalsert 12:00 17:00 Grootzand 17 Gjin pin oanwêzich
11-dec Bontebok 15:00 18:00 Doarpshûs en pleats famylje Steenbeek Mei live muzyk
11-dec Frjentsjer 13:00 17:00 Sintrum Ek keapsnein
11-dec Himmelum 11:00 18:00 Flinkeboskje 2 Flinke Winter Favorieten
11-dec Jirnsum 11:00 17:00 Yn it doarp 60 stands, in moadesjo en hynstetram
11-dec Langwar 12:00 18:00 Buorren
11-dec Lippenhuzen 13:00 20:00 Grand Café Samen Eten Mei live muzyk, food stands en in libbende kryststal
11-dec Snits 12:00 18:00 Grootzand Tidens Lekker Sneek en keapsnein
11-dec Twizel 13:00 20:00 Yn en om it wegrestaurant
12-dec Ljouwert 12:00
Skrâns
12-dec Twizel 13:00 20:00 Yn en om it wegrestaurant
14-dec De Harkema 13:00 21:00 Terrein fan De Spitkeet Workshop foar bern tusken 14:30 - 17:00
15-dec De Harkema 13:00 21:00 Terrein fan De Spitkeet Workshop foar bern tusken 14:30 - 17:00
15-dec Sleat 14:00 21:00 Buurthuis De Poarte Indoor
16-dec Appelskea 16:00 19:00 Beatrixoord 1 By OlmenEs
16-dec Blauhús 15:00 18:00 Pastorij Ferkeap fan kryststikjes
16-dec De Harkema 13:00 21:00 Terrein fan De Spitkeet Workshop foar bern tusken 14:30 - 17:00
16-dec Dokkum 13:30 22:00 Binnenstêd Yn de styl fan Charles Dickens
16-dec Koudum 10:30
Op 'e hichte Mei in tentoanstelling
16-dec Sint-Anne 16:00 21:00 Sporthal De Bildtse Slag en Campus Middelsee Mei 50 kreamkes en in Santarun om 19:30
17-dec De Harkema 10:00 17:00 Terrein fan De Spitkeet
17-dec De Lemmer 16:00 21:00 Sintrum Dickens Festijn mei Piet Paulusma, Foppe de Haan en Maik de Boer
17-dec Feanwâlden 18:00 23:00 Koemarkt Mei kunstiisbaan fan 14:00 ôf
17-dec It Hearrenfean 10:00 17:00 Sintrum 90 kreamkes en foodtrucks
17-dec Ljouwert 11:00 18:00 Blokhúspoarte
17-dec Peins 17:00
Plein by it doarpshûs
17-dec Snits 12:00 17:00 Scharnestraat Charles Dickensdei
17-dec Top en Twel 15:00 22:00 MFC It Harspit
18-dec De Gordyk 12:00 17:00 Sintrum Ek keapsnein
18-dec De Jouwer 12:00
Midstraat Tidens kulinêr evenemint Taste of Joure
18-dec De Lemmer 16:00 21:00 Sintrum Dickens Festijn mei Piet Paulusma, Foppe de Haan en Maik de Boer
18-dec It Hearrenfean 13:00 17:00 Sintrum 90 kreamkes en foodtrucks
18-dec Ljouwert 11:00 18:00 Blokhúspoarte