Gearwurking tsjin finansjele mishanneling fan âlderen

06 des 2016 - 10:19

In tal organisaasjes en bedriuwen yn de gemeente Dantumadiel begjinne in gearwurking tsjin finansjele mishanneling fan âlderein. De gemeente Dantumadiel, in notariskantoar, de Rabobank, de Kwadrantgroep en Veilig Thuis freegje omtinken foar dizze wize fan misbrûk. De alliânsje is in útkomst fan in miny-sympoasium oer dit ûnderwerp. Neffens notaris Frank Beks wurdt hy regelmjittich mei dizze wize fan mishanneling konfrontearre.

De alliânsje wol ûnder oare praktyske tips jaan om it te herkennen en foar te kommen.

Trefwurden: 
Dantumadiel âlderen
(Advertinsje)
(Advertinsje)