Marit Bouwmeester daliks oan de lieding

06 des 2016 - 09:50
Marit Bouwmeester - Foto: Jasper van Staveren

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten hat tiisdei op de iepeningsdei fan de wrâldbekerfinale yn Melbourne fuortendaliks de lieding naam. De Olympysk kampioene yn de Laser Radial wûn de earste race en moast yn de twadde race allinnich de Deense Anne-Marie Rindom foargean litte. De beide sylsters diele no it earste plak yn it tuskenklassemint. De wedstriden om de wrâldbeker duorje oant en mei snein.

(Advertinsje)
(Advertinsje)