Caravana 2017 is mei 400 eksposanten al hast folboekt

06 des 2016 - 07:38

De kommende Caravana yn it WTC Expo yn Ljouwert is al hast folboekt. Al hiel betiid yn it jier wie al mear as de helte fan de beursflier fersein. Dat is noch net earder foarkaam. De organisaasje rekkenet dit jier op sa'n 400 eksposanten. Hjir binne ek goed 200 campings út 16 ferskate lannen by. De goeie edysje fan 2016 en de opgeande lijn yn de kampearbrânzje spylje neffens de organisaasje mei yn de goeie foarútsichten foar dizze edysje. It tema foar dit jier is Proef de Vrijheid.

Hjir is foar keazen om't frijheid eins altyd al in kearnwurd is yn de kampearwrâld. De Caravana wurdt fan 19 o/m 24 jannewaris hâlden.

Trefwurden: 
kampeare WTC Expo Caravana
(Advertinsje)
(Advertinsje)