Kollum: "It Wite Goud"

06 des 2016 - 08:22

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.

"Sperma, wa is der net grut troch wurden? In útspraak mei in absolút wierheidsgehalte. En net allinnich grut, mar ek noch moai. Dat bewearde in seksuologe yn alle gefallen, dy’t sei dat se it al jierren as smarmiddel foar de hûd brûkte. Alle dagen smarde se farske mannekwark op it gesicht, de hals en it boarst. En ik moat sizze dat se der foar har âlderdom behoarlik strak útseach…

Der is de lêste tiid in protte oer sperma te dwaan. De kwaliteit fan de kwak skynt nammentlik min te wurden. In sûne man hie tweintich jier lyn sa’n 60 miljoen siedsellen de milimeter, en hjoed de dei noch likernôch 40 miljoen. Mar net allinnich it tal siedsellen nimt ôf, ek de oerlibbers, de hurdswimmers dy’t de einstreek helje, hawwe hieltyd mear ôfwikingen. ‘Soms sjogge wy spermasellen mei in stikken sturtsje of mei twa kopkes. Dy kinne net in aike befruchtsje.’ Seit urolooch Gert Dohle fan it Erasmus MC.

De oarsaak is net dúdlik, mar it liket mei te kommen troch gemyske stoffen, dy’t de mem yn spee yn it lichem krijt troch drinkwetter dêr’t resten fan pestisiden ynsit. Behalve dy pestisiden liket ek de gemyske stof BPA de kwaliteit fan it sperma oan te taasten. BPA sit ûnder oaren yn de ferpakking fan iten, yn magnetrondoaskes en drinkfleskes fan baby’s. Yn Denemarken en Frankryk is it brûken fan BPA al ferbean, yn Nederlân noch net.

Dat ferbod fan BPA yn Denemarken komt goed út, want hieltyd mear Nederlânske froulju mei in bernewinsk meitsje gebrûk fan Deenske spermadonoaren. Dat komt omdat de spermabanken yn Nederlân mei in tekoart kampe. Sa’n tûzen froulju yn it jier wolle graach behannele wurde, mar op it stuit stean der amper trijhûndert mannen as donor registrearre. Froulju hoege dus net op in wachtlist foar it Deenske donorsied. It skynt sels sa te wêzen dat slingerjen, of foarhûdjoggen of hânkarjen of slachreammeklopjen de meast populêre sport yn Denemarken is, nei badminton en hânbaljen. As jo yn Denemarken mei in man fûstket dy’t gjin boer is, mar dy’t wol fiif sentimeter yl yn de hân hat, witte jo genôch.

Wêr’t it no krekt fan komt dat Denemarken genôch donoaren hat en Nederlân net, is net bekend. Miskien sit it him yn de fergoeding (fyftich euro per slingerbeurt yn Denemarken, yn Nederlân in ûnkostefergoeding, hichte net bekend), of yn it gegeven dat donearje yn Nederlân faak noch in grutter tabû is, se witte it net. Yn alle gefallen is Denemarken de grutste sperma-eksporteur fan Europa. Gouden hannel, dat wite goud.

Soe wat dat oangiet in Fryske spermabank ek net in goed idee wêze? By einbeslút is Fryslân de moaiste provinsje mei de skjinste lucht, steane Friezen bekend as sportyf en oer it algemien aardich sûn. It kin net oars as Frysk sperma moat de soarte wêze, topkwaliteit. Autentyk en duorsum Frysk sied, foar de moaiste bern en de meast strakke en sêfte hûd. En dat allegearre ûnder it motto: Klink dan en slingerje, fier yn it rûn!"

(Advertinsje)
(Advertinsje)