Hieltyd minder lege winkels yn Grou

05 des 2016 - 22:36

It giet goed mei de bestriding fan de winkelleechstân yn Grou. Op it plak fan it âlde postkantoar wurdt in nije Poieszsupermerk boud en op ferskate oare plakken binne leechsteande winkels wer beset of ferfongen troch huzen.

De ferbettering hat alles te krijen mei it inisjatyf Gastvrij Grou dêr't de gemeente Ljouwert (en dêrfoar Boarnsterhim) en in grut tal frijwilligersorganisaasjes yn gearwurkje om it wettersportdoarp op de kaart te setten.

Neffens Ivo Krikke, foarsitter fan de businessklup yn Grou, binne der noch genôch plannen om it libben yn it doarp fierder te ferbetterjen. Om dy stal te jaan soe er graach in profesjonele doarpsmanager oanstelle wolle. Ek soe it moai wêze foar it doarp as it inisjatyf Gastvrij Grou, dat ein 2017 ôfrint, in ferfolch kriget.

Trefwurden: 
Grou winkels
(Advertinsje)
(Advertinsje)