Provinsje makket nammen sjuery Gysbert Japicxpriis bekend

05 des 2016 - 22:14
It stânbyld fan Gysbert Japicx by de Martinitsjerke yn Boalsert - Foto: Omrop Fryslân

De provinsje hat de nammen fan de sjueryleden bekend makke fan de Gysbert Japicxpriis 2017. It giet om toanielskriuwer Bouke Oldenhof, dichter Pieter Boskma en direkteur Gerlien van Dalen fan de Stichting Lezen. De priis is bedoeld foar oarspronklike Fryske poezij yn it tiidrek 2013-2016. De sjuery moat fjirtich dichtbondels lêze. De priis kin ek jûn wurde foar alle bondels dy't in dichter skreaun hat.

De nominaasjes wurde yn juny takom jier bekend makke. De priisútrikking is dan yn oktober yn de Martinitsjerke yn Boalsert.

Der is in ferskil mei de foarige kear. De winner wurdt tenei pas bekend makke by de priisútrikking sels en net mear in moanne yn it foar. Dat kundige kultuerdeputearre Sietske Poepjes al oan yn har taspraak by de foarige Gysbertútrikking.

De Gysbert Japicxpriis wurdt ien kear yn de twa jie útrikt, de iene kear foar proaza en de oare kear foar poëzij. Koos Tiemersma wûn him yn 2015 en Jacobus Q. Smink yn 2013.

(Advertinsje)
(Advertinsje)