De Graafschap giet foar Henk de Jong as trainer

05 des 2016 - 21:13
Henk de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Graafschap wol Henk de Jong oanstelle as nije trainer. De eardere trainer fan Cambuur moat Jan Vreman opfolgje dy't snein dien krige by de ploech út Doetinchem. Hy wurdt ferantwurdlik hâlden foar de minne resultaten fan de klup. De Graafschap stiet op dit stuit 16e yn de Jupiler League.

De Jong wurket op dit stuit as accountmanager by FC Grins. Hans Nijland, direkteur fan Grins, lit witte dat er meiwurket oan it fuortgean fan De Jong. Hy wol dêr wol in finansjele fergoeding foar hawwe. De Graafschap wol dy noch net betelje.

Snein waard de namme fan Henk de Jong ek al neamd as ien fan de belangrykste kandidaten foar it trainerskip.

(Advertinsje)
(Advertinsje)