"Damwrâld kin Nederlânske wrâldkampioen goed brûke"

05 des 2016 - 20:04

De damsport hat in opstekker nedich. In nije wrâldkampioen út Nederlân kin krekt dy opstekker wêze. Dat seit damkenner Rein van der Wal fan Surhústerfean.

Op dit stuit wurdt yn Nederlân it wrâldkampioenskip damjen spile: yn Grins, Wageningen en Den Haag. Dúdlik is no al dat de kampioen in Nederlanner is, want de striid giet tusken Roel Boomstra út Grins en Jan Groenendijk út Wageningen. Nei trije partijen is de tuskenstân 4-2 yn it foardiel fan Boomstra. Der moatte yn totaal tolve partijen spile wurde.

Hiphop

De damsport hat by in soad minsken in imago fan saai en fan âlde manlju. Dat begjint no in bytsje te feroarjen, seit Van der Wal. "Beide jonges hawwe yn De Wereld Draait Door west. Ien of oare hiphop-organisator sit achter de organisaasje fan dizze match. Wy wolle it imago fan it damjen wat swingerder meitsje." Van der Wal hopet dat de twa jonge jonges dy't no om it wrâldkampioenskip stride, de sport wat hipper meitsje.

Oanfallend spul

De wize fan spyljen is ek ek wol fan belang. Boomstra en Groenendijk spylje faak oanfallend. Dat sjogge jo net faak yn it topdamjen, seit Van der Wal. Faak wurdt der in soad lavearre en einiget in partij yn remize.

Russen fan de troan

Neffens Van der Wal is Boomstra lichtlik favoryt. "Hy is in bytsje it eachappeltsje fan it dambûn KNDB. "Mar beide spilers binne nei de top brocht om de almachtige Russen einliks ris fan de troan te stjitten. Dat slagget no. Ik bin bliid mei dizze jonges".

Linige harsens

Van der Wal is entûsjast oer de damsport. It giet net om linige lichems lykas oare sproten, mar om "de linichheid fan dyn harsens. Moatst patroanen herkenne en foarútsjen."

It WK damjen is te folgjen op de site wereldtiteldammen.nl.

(advertinsje)
(advertinsje)