"Arriva mei passazjiers net stean litte as bus fol is"

Wolter van der Maten, moandei by de wethâlder fan Tytsjerksteradiel © Gemeente Tytsjerksteradiel
Wethâlder Houkje Rijpstra fan Tytsjerksteradiel hat goed seishûndert hantekeningen yn ûntfangst naam foar mear busstops yn Garyp. De 17-jierrige Wolter van der Maten wie mei in petysje úteinset foar in bettere busferbining tusken syn wenplak Garyp en syn skoalle yn Ljouwert.
Neffens wethâlder Rijpstra "mei it net sa wêze dat minsken by de halte stean bliuwe by in folle bus." It komt no ek wolris foar dat de bus fol is en trochrydt. As de bus minder faak rydt, wurdt de kâns dêrop grutter.
Troch de oergong fan it busferfier nei Arriva komt de bus net mear fiif kear yn 'e oere by it doarp, mar noch mar twa kear. Dat soarget net allinnich foar problemen foar Garipers, ek ynwenners fan Earnewâld en Aldegea kinne minder maklik yn Ljouwert komme.
Rijpstra hat de soarch út de petysje oerbrocht oan deputearre Johannes Kramer.