Menaam kriget iepenbiere grientetún en bistegreide

05 des 2016 - 18:29
Foto: Google Street View

In kampke grien middenyn Menaam wurdt feroare yn griente- en pluktún en bistegreide. De provinsje hat dêr 14.000 euro foar beskikber steld.

It is de bedoeling dat jong en âld elkoar dêr treffe kinne. Minsken kinne der sels griente ferbouwe en blommen en krûden plukke. Skoallen kinne de tún brûke om les te jaan oer de natuer. Hy wurdt ûnderhâlden troch frijwilligers en minsken fan de deibesteging yn Menaam.

(Advertinsje)
(Advertinsje)