Akwadukt Drachtsterbrêge wurdt drûchlein

05 des 2016 - 17:06

It akwadukt by de Drachtsterbrêge yn Ljouwert wurdt fan moandei ôf drûchlein. De ein fan dit fertrage projekt komt dêrmei dochs yn sicht. It ûnderwetterbeton dat stoart is, is no genôch úthurde. Op syn lêst oer 9 dagen is al it wetter der út, mar dan is it noch net klear. Grutte skotten splitse no noch it wetter fan it kanaal. Dy skotten geane der nije wike út. Dan is der in ferbining tusken noard en súd.

Oanslutend kin Heijmans fierder mei it opbouwen fan de wanden en flierren fan de taritten.

As der dan net tefolle nije tsjinslaggen binne, kinne de auto's yn augustus 2017 mei droege tsjillen troch it nije Escherakwadukt ûnder it Van Harinxmakanaal trochride.

(advertinsje)
(advertinsje)