Troch froast en mist kâns op glêde diken

© Corrie Hovenga
Ferkear moat moandeitejûn en nacht en tiisdeitemoarn rekken hâlde mei mist en mooglik ek glêdens. Neffens waarman Piet Paulusma kin it jûn en fannacht yn Fryslân in graad of 5 oant 6 frieze. Omdat it in heldere jûn en nacht is, kin der ek mist ûntstean. Dêrby bestiet de kâns op glêdens. Ek moarnier yn de spits kin dit noch oanhâlde.