Fideo: Stephan Rekker makket iisbaan op plat dak yn Boalsert

05 des 2016 - 15:08

Omdat de Boalserter iisbaan noch net iepen is, hat Stephan Rekker fan Boalsert yn de nacht fan snein op moandei mar in iisbaantsje oanlein op it plat dak fan syn eigen hûs. "Ik wol traine foar de Alvestêdetocht", sa seit de entûsjaste foarsitter fan de Fytsalvestêdetocht. "De ynskriuwing foar de Fytsalvestêdetocht is iepen, mar ik wol no earst ride."

Rekker wol syn liif goed tariede op de kommende froastperioade, en dêrom traint er yn koarte broek. De Boalserter hat al sa'n 50 rûntsjes ôflein op syn eigen privee-iisbaan.

Rekker hopet dat de kommende winter foar de earste kear dizze ieu werris in Alvestêdetocht op it iis ferriden wurde kin. In lytse tweintich jier nei de lêste kear - yn 1997 - is Fryslân dêr hast wol wer in kear oan ta, seit Rekker.

Trefwurden: 
Stephan Rekker iisbaan
(advertinsje)
(advertinsje)