FNP wol dúdlikens fan de provinsje oer Frysk ûnderwiis

05 des 2016 - 14:36

De steatefraksje fan de FNP wol dat it provinsjebestjoer dúdlike aksjes, doelen en planningen makket foar it Taalplan Frysk op skoalle. Doel is dat learlingen better Frysk leare. It fak Frysk is wetlik regele en it belied fan de provinsje is der wol op rjochte de posysje fan it Frysk sterker te meitsjen, mar neffens de fraksje kinne Provinsjale Steaten net goed sjen wat de konkrete doelen foar in meartalige situaasje binne.

Dêrneist is de fraksje benijd nei berikte effekten by de learlingen en trunet oan op in tuskenevaluaasje om it debat bystjoere te kinnen.

Trefwurden: 
FNP Frysk ûnderwiis
(advertinsje)
(advertinsje)