It Fryske Gea keapet greidefûgellânskip Koudum

It Fryske Gea hat fjouwer hektare gerslân kocht by de eardere drûchmakkerij De Heanmar by Koudum. Hjirmei is wichtich greidefûgelgebiet no yn hannen fan de natuerorganisaasje. De Heanmar leit yn de Ekologyske Haadstruktuer en wurdt foar it grutste part beheard troch Steatsboskbehear. It oare part is fan boer Venema út Koudum, dy't tradisjoneel buorket.
Venema woe de grûn ferkeapje en wêr mooglik it ek behâlde foar de greidefûgels. It Fryske Gea hat mei troch finansjele stipe fan de Nationale Postcode Loterij it stik lân oernimme kind. De kâns wie nammentlik oanwêzich dat in grut lânboubedriuw de grûn keapje woe, en dat hie tige min west foar de greidefûgels.