Prestaasjeôfspraken oer hierwenningen yn NE-Fryslân

© ANP
Soargje dat der genôch betelbere hierwenningen beskikber binne foar wenningsykjenden mei in leech ynkommen. Dat is it wichtichste doel yn de prestaasjeôfspraken tusken wenningkorporaasjes Thús Wonen en Wonen Noordwest-Friesland, hierdersferiening De Bewonersraad en de fjouwer gemeenten yn Noardeast-Fryslân. It is foar it earst dat de ôfspraken makke binne mei de rjochtlinen út de nije Wenningwet. Dêrneist is foar it earst de hierdersferiening as lykweardige partij oansletten.
Neffens de gemeenten Dantumadiel, Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân komme der in soad ûntwikkelingen op harren ôf, lykas krimp, fergrizing en feroaringen yn de soarch.