Tredde Drint oanhâlden foar oerfal mei geweld yn Nes

05 des 2016 - 11:44
Helptsjinsten op de Strikel yn Nes (Akkrum) - Foto: Gerwin de Vries

De plysje hat snein in tredde fertochte oanhâlden foar de wenningoerfal yn Nes by Akkrum, op 15 juny ôfrûne jier. It giet om in man (41) út Emmen. Earder al waarden in jongere man (30) út Emmen en in ynwenner (26) fan Klazienaveen oanhâlden. By de oerfal waard in soad geweld brûkt tsjin de bewenner (73) fan in hûs oan De Strikel.

De oerfallers naaiden út mei antyk, wêr ûnder sieraden en sulveren itensark. De 41-jierrige fertochte sit fêst foar fierder ûndersyk. De plysje slút mear oanhâldingen net út.

De plysje hie yn earste ynstânsje in soad muoite op de dieders te achterheljen. Yn septimber bestege TV-programma Opsporing Verzocht omtinken oan de saak. Nei dy útstjoering krige de plysje in stikmannich tips binnen oer de saak.

Trefwurden: 
oerfal geweld
(Advertinsje)
(Advertinsje)