Aksje "Bomen weg, Vogels Pech" yn Dokkum

Aksjefierders oan it wurk © Dongeradeel Sociaal
'Bomen weg, vogels pech'. Mei dat tema hat de fraksje fan Dongeradeel Sociaal snein yn it Tolhúspark aksjefierd tsjin de yn har eagen ''rigoreuze'' beammekap yn Dokkum. De fraksje stelde ferline jier al krityske fragen oer it kapbelied, en krige doe te hearren dat de gemeente tenei earst oerlizze soe mei wykrieden en doarpsbelangen. Neffens de fraksje is dat net bard. Reden om yn aksje te kommen tsjin de ''kealslach.'' By de gearkomste fan de kommisje Omkriten kommende tongersdei sil de fraksje fragen stelle oer it kapbelied.
Dêrnei folget mooglik in moasje yn de gemeenteried.