Bestjoer Stiennen Flier sil prate mei b. en w. Fryske Marren

05 des 2016 - 10:39
Besikers wurde warskôge foar de drokte - Foto: Omrop Fryslân, Geert van Tuinen

It bestjoer fan de stichting Zwem- en Recreatiebad De Stiennen Flier op De Jouwer sil nije wike mei boargemaster en wethâlders fan De Fryske Marren om tafel om te praten oer it opsizzen fan it kontrakt troch de gemeente. De stichting eksploitearret swimbad SwimFun en de sporthal derneist.

De gemeente hat it kontrakt opsein mei yngong fan 1 jannewaris 2018, om't de feilichheid net goed regele wêze soe. Sawol it bestjoer as de meiwurkers fan it swimbad binne ferbjustere oer de stap fan de gemeente. Se wolle dat dy it beslút weromdraait.

De ferhâlding tusken it swimbad en de gemeente De Fryske Marren is al langere tiid net goed. De partijen hiene earder ek spul oer de ferbouwing fan it kompleks troch de gemeente.

Trefwurden: 
swimbad De Stiennen Flier
(Advertinsje)
(Advertinsje)