Komfort en frijheid kaaiwurden by fakânsje

05 des 2016 - 09:01

It giet net goed mei de tradisjonele bungalowparken en campings yn Nederlân. Fakânsjefierders wolle mear frijheid en komfort. Dat blykt út ûndersyk fan ûnder oare it sintraal buro foar de statistyk nei fakânsjetrends. Caravans en campers meitsje in revival troch. Benammen caravans. De ferkeap sit yn de lift. En ek de lytse bêd en brochjes binne bot yn opmars. Faak mei in famylje oan it roer, mei persoanlike service, yn in húslike sfear. En hoewol't der hieltyd mear komme blykt der noch genôch romte foar nije B&B's yn Nederlân te wêzen.

Ek by Bed & Breakfast de Hedera yn Ljouwert merke se de feroaring yn de merk. "Minsken freegje faak oft se in aparte badkeamer hawwe kinne, en se wolle dat harren keamer faak skjinmakke wurdt. Somtiden sels meardere kearen op in dei."

Caravan- en Camperferkeaper Cor van Drogen sjocht al skoften in ferskowing yn de merk. Minsken wolle it lúkser en komfortabeler: "It wurdt steeds gekker, de ûntwikkelingen steane net stil" sa seit Van Drogen, "de minsken wolle gjin konsesjes dwaan yn fergelyk mei thús."

Trefwurden: 
fakânsje toerisme
(Advertinsje)
(Advertinsje)