Personiel swimbad De Kûpe teloarsteld

05 des 2016 - 08:39

It personiel fan swimbad De Kûpe yn Bûtenpost is teloarsteld yn it bestjoer. Dat seit Dietha Paauw út namme fan de personielsleden dy't it betrouwen yn it bestjoer opsein hawwe. "It hat benammen te krijen mei it ferskil fan ynsjoch wat de bedriuwsfiering oanbelanget en de rol dy't it bestjoer dêryn hat." sa seit Paauw. "En dat wy net belutsen binne by it plan dat no by de gemeente leit." Oanlieding fan de argewaasje is in plan foar in nije swimakkommodaasje yn Bûtenpost.

As de situaasje net feroaret hâldt Paauw yn alle gefallen fan 1 jannewaris ôf op mei har wurk. De Kûpe falt ûnder de Stichting Sportcentrum Achtkarspelen. It bestjoer fan dy stichting soe de plannen foar it nije bad yntsjinne hawwe by de gemeente.

Jack Hoving fan Sportcentrum Achtkarspelen kin him het fine yn de krityk fan it personiel: "Als stichting zijn we drie jaar geleden begonnen met het open houden van het zwembad tegen zo laag mogelijke kosten. Er is een overeenkomst met de gemeente gesloten om te zorgen dat we daar in ieder geval vijf jaar mee vooruit komen. En dat we moesten kijken naar het terugbrengen van de kosten van het zwembad. Wij hebben het tekort teruggebracht, en op zich gaat het de goeie kant op." Hoving wol dan ek foarút sjen: "Wij moeten gewoon verdergaan met het proces, en met het personeel."

Trefwurden: 
De Kûpe swimbad
(Advertinsje)
(Advertinsje)