Kollum: Let it grow, let it grow, let it grow!

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer foar ferskate Fryske media en wurket dêrneist by de NHL. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.
"It hat efkes duorre, in jier as 10, mar ôfrûne wike wie it dan safier: ik haw myn lange lokken der ôfhelle. No ja; ik net fansels, mar de kapper. Al jierren hie ik itselde prûkje hier op 'e holle. Blond, permanentsje en in kreaze skieding krekt yn 'e midden. Ik hie nei al dy jierren skjin myn nocht derfan. Dus: de skjirre deryn.
Mar dat is makliker sein as dien. Ik bin nammentlik in skiter. In dikke skiter. Hielendal as it om myn hier giet. Net ien mei deroan sitte, lit stean der yn om knippe. Ik gean dan ek sa min mooglik nei de kapper, maksimaal ien kear yn it jier. Dat gepiel en gepruts oan myn holle; ferskriklik. Ik gean noch leaver nei de toskedokter as nei de kapper.
Mar woansdei wie it dan safier. Op ynternet hie'k opsocht wat foar prûkje my wol wat ta like. It moast yn alle gefallen in stik koarter wurde. Soks as Omrop-kollega Afke Boven like my wol wat. 'Hmmm', de kapster seach fertwivele fan de foto fan Afke nei myn eigen boskje hier. 'Ik kin myn bêst dwaan’, sei se, ‘mar bin bang dat it net presys sá wurdt. Dyn hier is eins krekt wat te tin.’
Dus ik op syk nei in oar foarbyld. Op Google kamen de moaiste coupes foarby, mar stik foar stik net geskikt foar myn suterige prûkje. Hé, tocht ik, lit my foar de grap ris op suterich prûkje sykje. Dus ik typte yn: ‘zuiterig pruikje’. 'Bedoelt u zweterig pruikje?' frege Google. Noh, ik wie eins ek wol benijd wat der foar zweterig pruikjes wiene. Dus ik klikte op ‘Zoek’.
Floep, samar yn ienen seach ik foto’s fan grutte swarte switterige tûfen swiere shag ûnder de earms. Okselhier dus. Jakkes jong. Dat binne fansels zweterige pruikjes, dus Google hie gelyk. En it duorre mar efkes of ik krige ek dat oare zweterige pruikje yn byld: dat boskje hier dêrûnder. Hé, tocht ik, lit my ris sjen wat der feroare is op skaamhier-gebiet sûnt myn kollum yn maaie.
It is no einliks echt winter, dus ik wie wol benijd wat de winterschaamhaartrends wêze soene. Meie we de boel as froulju no lang om let groeie litte? In winterfacht kweke, sil ik mar sizze. No wat tinkst? Nee hear. Ek al foarseit ús eigen Piet P. dat der dizze winter snie en natueriis komt: der moat gewoan skeard wurde fynt Google.
En net samar ‘rats’, grote halen, snel thuis. Nee, wa't de Krystdagen echt feest yn ‘e broek haw wol skeart de boel dêr ûnder yn de foarm fan in krystbeam, in stjer of in ingeltsje, lies ik. En dan bist der noch net. No komt it nammentlik. Dêrnei fersierst de boel mei fleurige griene of reade glitters. En sa krijst dus in echte ‘kerstmuts’.
No sis no sels: moast der dochs net oan tinke, sa’n glimmende gleuf? En wat sil dat jokje, mei al dy glitters yn ‘e ûnderbroek. Sawiesa jokkest dy as frou al út ‘e naad mei al dat geskear. Dêrom stel ik foar dat we dizze winter de boel allegearre wer âlderwetsk groeie litte.
Gjin gehannes mear mei al dat "smoothy" gedoch. De zweterige pruikjes binne wer hot dizze winter. Fansels: hâld de boel wol wat binnen de perken, mar in kreas winterfachtsje moat kinne. Dus foar dizze winter sis ik: let it grow, let it grow, let it grow!"