UNIS Flyers wint earste duel om de beker fan Tilburg

UNIS Flyers - Tilburg Trappers © Martin de Jong
De iishockeyers fan de UNIS Flyers hawwe snein yn de heale finale om de beker mei 6-1 wûn fan de Tilburg Trappers. De perioadestannen wiene: 1-1, 2-0 en 3-0. De twadde wedstriid wurdt spile op 28 desimber yn Tilburg. As der dan noch gjin definitive winner is, komt der noch in tredde wedstriid op 3 jannewaris. De finale om de beker is dan op 18 jannewaris yn Eindhoven.