Sulver foar Marrit Leenstra op 1500 meter yn Astana

Reedrydster Marrit Leenstra hat snein op de tredde wrâldbekerwedstriid, yn Astana (Kazachstan), op de 1500 meter sulver helle. Se ried in tiid fan 1:56.89. De winst gie nei Miho Takagi út Japan mei 1:56.36 en tredde waard Jorien ter Mors. Antoinette de Jong einige op in teloarstellende sechsde plak.
Leenstra giet nei trije wrâldbekerwedstriden oan de lieding yn it klassemint op de 1500 meter. Miho Takagi stiet op plak 2, Heather Bergsma op 3, Ireen Wüst op 4 en Antoinette de Jong op plak 5.
De foarige wrâldbekerwedstriden wiene yn Harbin (Sina) en yn Nagano (Japan).