Soad Friezen nominearre foar 'sportminsk fan it jier'

04 des 2016 - 21:02

Reedrider Sven Kramer, sylster Marit Bouwmeester en turnster Sanne Wevers binne nominearre foar de titel 'sportman en sportfrou fan it jier'. De NOS hat de nammen sneintejûn bekend makke. Kramer kriget konkurrinsje fan Max Verstappen en fan Tom Dumoulin. Marit en Sanne moatte it opnimme tsjin Dafne Schippers. By de paralympiërs fan it jier binne ek de nammen neamd fan swimster Liesette Bruinsma en hurdfytsers Alyda Norbruis en Tristan Bangma.

De winners wurde op 21 desimber bekend makke op it Sportgala yn de RAI yn Amsterdam.

(advertinsje)
(advertinsje)