Man út wetter fan de Potmarge yn Ljouwert rêden

04 des 2016 - 20:39
De brânwacht hâldt skermen op om it slachtoffer oan it sicht te ûntlûken - Foto: AS Media

De brânwacht hat snein tsjin de jûn in man út it wetter fan de Potmarge rêden, yn it sintrum fan Ljouwert. De man stie yn it wetter dat flakby parkeargaraazje De Klanderij is. Hy waard opmurken troch in frou dy't oer it brechje by de Keijersbuurt rûn. Se skeakele doe de helptsjinsten yn. Plysjes hawwe de man fan de kant ôf boppe wetter hâlden en de brânwacht hat him derút helle. De man is mei de ambulânse mei ûnderkuollings nei it sikehûs brocht.

It is noch net bekend hoe't it koe dat de man te wetter rekke wie.

Trefwurden: 
brânwacht rêding Potmarge
(advertinsje)
(advertinsje)