"Henk de Jong yn byld as haadtrainer by De Graafschap"

04 des 2016 - 20:19
Henk de Jong - Foto: Omrop Fryslân

Henk de Jong is in wichtige kandidaat om de nije haadtrainer fan De Graafschap te wurden. Dat stiet op de webside fan De Gelderlander. De klup út Doetinchem hat snein coach Jan Vreman ûntslein en siket op koarte termyn in nije haadtrainer.

De 52-jierrige De Jong wie oant febrewaris fan dit jier trainer/coach by Cambuur yn Ljouwert. Troch de minne resultaten yn de earedifyzje stapte er doe op. Op dit stuit is Henk de Jong kommersjeel meiwurker by FC Grins. Hy hat oanjûn graach wer op it fjild te stean.

De Graafschap degradearre ferline jier fia de neikompetysje nei de Jupiler League. De klup soe Henk de Jong al benadere hawwe, neffens De Gelderlander. De Graafschap ferwachtet net dat de nije trainer by de folgjende wedstriid al op de bank sit. Dat is freed al. De Graafschap spilet dan yn Maastricht tsjin MVV.

(advertinsje)
(advertinsje)